Sinterklaasgedicht van L. uit Leeuwarden
Dit sinterklaasgedicht is ingezonden voor de sinterklaasgedichten wedstrijd van 2008. Dit gedicht is geschreven door L. uit Leeuwarden.
Let op! De kwaliteit van de ingezonden gedichten is zeer wisselend. Kijk voor een gegarandeerd goed gedicht bij onze
Kant-en-klare Sinterklaasgedichten of maak gebruik van de
Rijmmachine.
Gedicht van L. uit Leeuwarden
Foar Ype,
sûnt jier en dei komt sint yn ’t lân,
en nimt syn pyten mei, sels dy sûnder ferstân.
úteinlik sille dizze hulpen út ‘e liken,
nederlân wer ferlitte en opluchte gapje nei siken,
mar dy tiid is der noch net,
Foarearst moatte se noch flink oan set!
op paad, sykje nei in keapke,
betelje, en it hiele heapke
dan ynpakke en beneame.
dêrnei yn’e boat dy’t eartiids noch steame.
dit alles wurdt ferskeept nei it plak,
wêr’t mei grut gemak
troch de sleatten farre wurde kin,
omdat de kanten sa skjin bin.
de boat leit dan parkeard oan in stik beton,
sa rekket er ek net op’e bon.
stikem slûpt in pyt nei de foardoar ta,
mar och heden, jakkes bah!
dêr komt ús Ype de doar wer ris út setten,
hat grif wer ris wat fergetten,
in tillefoan út ‘e auto ofsa,
dy Ype is net sa’n technika..
of technikus fansels, hy is in man,
mar ha mut er d’r niks fan!
de kompjûter lit er fikse troch in oar,
de tillefoan, dêr hat er Lutske foor,
en no hat er op syn listke
net simpelwei in ark-kiske,
of wat mear foar yn’e grûn,
nee, dy winsken bin hast hielendal ferdwûn.
no is er kompleet yn it elektronyske tiidperk belâne,
en krekt as alle bern dy’t bin bedoarne,
wol er djoer guod ha foar by de kompjûter
saäs in koptillefoan-lûds-muter.
hiel betochtsum foar de oaren,
dy’t yn’e hûs it hast bestoaren
fan dat lûd wat troch de keamer skettere,
wylst it bern al út hûs is, dy’t trompettere!
ek wol er in stick,
net in stik hout of in knappe frou,
dy hat er al, wat is dat nou!
mar in opslachding foar yn’e kompjûter: prik
mar wat is dat no, grutte skrik!
der stiet by: net al te lyts…
Sint skopt ris knoerthurd tsjin syn fyts,
dát hie er net sjoen foar’t er mei de gedachte siet,
ferspilde muoite no, hast fertriet,
oars moat it mar net, sa’n apart gefal!
want hy fernúvert him boppe-al:
wat ís net te lyts dan wol?
is it de grutte fan ‘hoe fol’
dy Ype hat fansels flink wat op sa’n ding te stouwen,
(hy) wol mei muoite besykje al dy bestannen foar de kursus der op te douwen
sjoch, hij tocht: ik bin’t lesjaan no wol sat,
as men de skoallejierren hân hat,
moat men ris fiks oan’t learen.
mar no sit er wol mei de bakte bearen,
nee, de eamel is net goed genôchjuh
en mei útprinte papier-wurk bliuwst ek sa tôg-je
of is it toch de grutte fan de ópperflakte?
sint snapte al dat er der neat fan bakte:
‘sa’n ding wurdt levere sa grut as er is,
moat ik dan kleie dat ik my der net by del lis?
omdat ús Ype dat ding oars kwyt rekket
as er em net oan’e broeksbân heakket?
of in ûnbidige kaaihinger der oan hingje kin?’
saäs dy mobyl doe, skeat sint yn’t sin
dêr hat er oeren lang nei sykje litten,
wylst er sels yn in lekkere stoel siet te sitten..
hy wol oaren der net wer foar op litte draaie,
dus sint lit de gedachte oan in stikky mar wer waaie.
wêr’t er úteinlik foar keazen hat,
is eat wêr’t men mar nei riede moat.
pyt hat it pakje toch ôfleverje kinnen,
sadwaande is it pakje no dus yndied binnen.
dy’t folle praat moat in bulte wiermeitsje,
hopelik sil it pakje mar goed smeitsje.
as it yndied de smaak is fan ús technikus,
sil it befalle, as myn suss(n).
hy is fansels noch yn’e dop,
mar wurdt in master, dêr rekkenje ik op!
groetnis sint -en in ûnnoazele pyt woe der ek graach by-
Inspiratie voor je Sinterklaasgedicht
Inspiratie nodig?
Gedicht zoeken
Sinterklaasgedichten.com houdt al jarenlang een gedichtenwedstrijd waar inmiddels duizenden sinterklaas gedichten voor zijn ingezonden. Al deze gedichten vind je op deze website, ter inspiratie voor het zelf maken van gedichten en om te zien hoe anderen rijmen en dichten. Doe er je voordeel mee en maak zelf originele sinterklaasgedichten!
Op Sinterklaasgedichten.com staan veel meer sinterklaasgedichten dan een gedicht van L. uit Leeuwarden. De beste gedichten staan op onze pagina met voorbeeld sinterklaasgedichten. Of maak gebruik van onze gedichtengenerator of vindt inspiratie voor het zelf maken van een gedicht.